Tolve minsken wolle boargemaster fan Waadhoeke wurde

17 jul 2018 - 12:49

Tolve minsken wolle boargemaster fan Waadhoeke wurde. It giet om njoggen manlju en trije froulju. Dat lit de provinsje witte. Alle kandidaten binne âlder as 40 jier, de helte is boppe de 50. Trije gadingmakkers binne lid fan D66 en trije sitte by in net-lanlike partij. Fierder binne der sollisitanten fan CDA, VVD en PvdA. Ien fan de tolve is net lid fan in partij.

Gemeente Waadhoeke - Foto: Omrop Fryslân

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat yntusken in seleksje út de sollisitanten makke en dy oerlein mei in kommisje út de gemeenteried. Hy sil no mei de selektearre kandidaten prate en de gemeenteried in foarstel dwaan. Dy bepaalt dan watfoar twa kandidaten de foarkar krije. Dy seleksje giet nei de minister, dy't yn de measte gefallen it foarstel fan de gemeentried oernimt.

De ferwachting is dat de nije boargemaster ein oktober begjinne sil. Dy folget dan Hayo Apotheker op, dy't sûnt it ûntstean fan Waadhoeke op 1 jannewaris de waarnimmend boargemaster is.

Trefwurden: 
boargemaster Waadhoeke
(advertinsje)
(advertinsje)