De Fryske natuer pûst en stint ûnder ekstreme drûchte

17 jul 2018 - 11:51

De situaasje yn de Fryske natuergebieten en op it plattelân is troch de drûchte noch net dramatysk, mar it moat net al te lang mear duorje. By natuerbehearder it Fryske Gea fernimme se de gefolgen.

Drûge ierde - Foto: Shutterstock.com

Yn it distrikt Noard hat It Fryske Gea oan de rânen fan de natuergebieten warskôgingsbuorden pleatst om gjin iepen fjoer te meitsjen, as sigaretten fuort te smiten. De pachters kinne minder fee lykas kij, skiep en hynders nei de natuergebieten bringe om't der minder fretten is.

Der ûntsteane yn guon petgatten al eilantsjes.

Behearder Richard de Ree makket him soargen oer de drûchte yn de Fryske natuer

De ponnys dy't it Fryske Gea sels útset hat, hawwe de drûge sânkoppen kealfretten en sykje no de wiete dielen fan de natuergebieten op. ''Se steane mei de búk yn it wetter'', seit distriktsbehearder Albert Wester.

Skotske Heechlanners

Yn distrikt Súd meitsje se harren soargen oer de drûchfallende petgatten. Gemalen hawwe net genôch kapasiteit om de ferdamping op te fangen. ''Der ûntsteane yn guon petgatten al eilantsjes'', seit behearder Richard de Ree. As de drûchte noch langer oanhâldt, kin dit gefolgen ha foar de fisk en oare bisten yn it wetter. Dy hawwe dan te min romte en soerstof.

De Skotske Heechlanners yn it gebiet ûnderfine net in soad lêst fan it waarme waar. Der is yn de omkriten fan Ketlik bosk genôch, dêr't de Heechlanners it skaad en petgatten opsykje en dêr't genôch fretten is.

Foto: ANP

Gersdrûgerij

By de gersdrûgerij yn De Pein fernimme se dat der minder oanfier is as trije wiken lyn. ''We draaie 16 oeren deis en net langer 24 oeren, wat gebrûklik is, mar wy skarrelje aardich troch'', seit Ineke Wiegersma. It oanbod is neffens Wiegersma dúdlik minder as oars yn july. Dêr stiet tsjinoer dat se earder dit jier in fleanende start makken. Doe brûsde it gers de grûn út.

Wiegersma tinkt dat de rêst noch wol efkes oanhâlde sil. ''As it al begjint te reinen, dan moat de groei fan gers earst noch trochsette.'' Oare kant fan de medalje is dat it drûgjen fan gers no folle goedkeaper is. ''Hoe wieter it gers, hoe djoerder it drûgjen is. It gers is no fan himsels al hast drûch, dus we hawwe der minder wurk oan.''

(advertinsje)