Riedslid CDA Súdwest-Fryslân stapt op nei fertrouwensbreuk

17 jul 2018 - 11:22

Riedslid Rinske Poiesz-Zijlstra is moandeitejûn opstapt as lid fan it CDA yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Se makke har beslút bekend ûnder in gearkomste fan it CDA. Se sil har sit meinimme en giet fierder as selsstannich riedslid. Poeisz kaam ta har beslút troch ynterne problemen binnen de fraksje. Oer wat dy problemen krekt binne, wol it riedslid gjin meidielingen dwaan. Se is dwaande oan har twadde perioade as riedslid.

Foto: Omrop Fryslân

Se waard by de lêste gemeenteriedsferkiezingen troch it CDA op it 13e plak set. Troch in persoanlike kampanje krige se in soad foarkarstimmen en einige op it 7e plak. It CDA hat it yn in reaksje oer in 'fundamenteel verschil van inzicht over samenwerking'.

Neffens de fraksje wie der net langer gear te wurkjen op basis fan in fertrouwensrelaasje. Der is neffens it CDA besocht it fertrouwen te ferbetterjen, mar dat late net ta in wurkbere gearwurking.

(advertinsje)