Keamerfragen oer húsdokter dy't gjin staazjerinne mei yn Fryslân

17 jul 2018 - 10:28

VVD-Twadde Keamerleden Aukje de Vries, Judith Tielen en Leendert de Lange hawwe fragen steld oer húsdokter yn oplieding Sytse Jouta fan It Hearrenfean. Dy studearret yn Nijmegen en soe graach staazjerinne wolle yn Fryslân, mar dat is net tastien. Nei oanlieding fan berjochtjouwing by Omrop Fryslân stelle de Keamerleden no fragen.

Húsdokter yn oplieding Sytse Jouta - Foto: Omrop Fryslan

De Keamerleden sjogge yn de praktykstaazjes krekt in útlêzen kâns foar regio's mei in tekoart oan húsdokters. Yn de praktyk docht nammentlik bliken dat húsdokters faak op it staazjeplak hingjen bliuwe en dêr oan it wurk gean.

De Keamerleden hawwe ek fraachtekens by de 'rigide' regels fan de medyske fakulteit, dy't staazjes bûten de omkriten fan it opliedingsplak ferbiede. De Keamerleden soene leaver sjen dat studinten sels harren staazjeplak bepale. Se wolle dat de minister hjiroer mei de opliedingen yn petear giet.

(advertinsje)
(advertinsje)