De gemeente Achtkarspelen krijt foech oer swimbad De Kûpe

Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It kolleezje fan de gemeente Achtkarspelen hat sûnt dizze wike it bestjoerlik foech oer swimbad De Kûpe yn Bûtenpost. De gemeente is yn de stichting sportsintrum Achtkarspelen stapt en nimt it behear en de eksploitaasje oer fan it eardere swimbadbestjoer.
De wichtichste taak is it iepen hâlden fan De Kûpe oant it nije swimbad klear is. De bou fan dat enerzjyneutrale swimbad begjint yn 2020. It komt yn de buert fan it besteande swimbad, mar wêr krekt is noch net dúdlik.