Vitens warskôget foar legere wetterdruk

17 jul 2018 - 08:25

By ynwenners fan Fryslân, Oerisel en de Noardeastpolder komt de kommende dagen mooglik minder wetter út de kraan. Dêrfoar warskôget wetterbedriuw Vitens.

Hanwaskje - Foto: Shutterstock.com

Neffens Vitens is der minder wetterdruk, omdat troch de oanhâldende hjitte it wetterferbrûk folle heger leit. Yn Fryslân en Oerisel giet it om in taname fan sa'n 45 prosint.

Yn Fryslân sil de legere wetterdruk benammen te merken wêze yn it súdwesten fan de provinsje, yn en om De Lemmer, Snits, Easterwâlde, Appelskea, Bakkefean en Oerterp, yn de gemeente Dongeradiel en yn de gebieten lâns de kust.

Vitens ropt op om sunich te wêzen mei wetter troch bygelyks de auto net te waskjen, net te sproeien en troch koarter of minder faak te dûsen.

Trefwurden: 
Vitens wetterdruk
(advertinsje)
(advertinsje)