Fryslân moat koprinner duorsum plattelân wurde

17 jul 2018 - 07:58

Fryslân moat, mei Grinslân en Drinte, de provinsje wurde dy't it bêste duorsume plattelân ha. Under de namme Regiodeal Natuurinclusieve Landbouw hawwe de provinsjes dêr moandei plannen foar presintearre. Ynkoarten wurde dy plannen oan minister Schouten fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit oerlange. It Ryk soe helpe moatte om it Noarden koprinner te meitsjen. Schouten hat foar in omslach yn de lânbou in pot fan goed 900 miljoen euro beskikber. De inisjatyfnimmers hoopje dêrfan foar de útfiering fan de plannen sa'n 10 oant 15 miljoen euro yn it jier binnen te heljen. Want dat bedrach is nedich foar de realisaasje.

Skries yn it boerelân - Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Johannes Kramer oer de plannen

De plannen binne opsteld yn gearwurking mei natuer- en lânbou-organisaasjes. Grutste útdaging fan natuerynklusive lânbou is om in goede balâns te finen tusken in ekonomysk sterke lânbou dy't yn balâns is mei natuer- en lânskipskwaliteit. De lânbousektor begrypt dat der grutte feroaringen nedich binne. Binnen de regiodeal sykje boeren, natuerorganisaasjes, oerheid en kennisynstellingen elkoar op om yn oparbeidzjen de plannen fan de grûn te krijen, sadat se mear kâns fan slagjen hawwe. Der rinne ek al ferskate natuerynklusive inisjativen yn Noard-Nederlân. Fryslân wie de earste provinsje dy't hjirmei begûn.

Jan Bloemerts fan LTO Noard

Kij yn de greide - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
(advertinsje)
(advertinsje)