Kollum: "De toverdrank fan frijheid"

"De kop stiet my der net nei. Dy sit fol fan fakânsje. Of earder: leech fan fakânsje. Want sadree't dy pear wiken yn july en augustus harren oantsjinje, is it as fal ik yn in tsjettel fol toverdrank. Yn myn gefal de toverdrank fan frijheid. Alle deistige beslommeringen ferdwine like fluch as snie en iis fan de Noardpoal. Neat is wichtiger as dy kuier yn 'e bosk, op in klif oer de see sitte te stoareagjen, of as dat museum mank âlde grêfheuvels dêr'tst each yn each mei de skiednis stiest. Dat is de faze dêr't ik no yn sit: ik hingje boppe de tsjettel, sjoch en rûk de toverdrank, mar plûmp der noch krekt net yn.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Sadwaande moat ik it mei jim oer feministen ha. En benammen oer de selektive lilkens dy't se fertoane. Krekt foarige wike kaam it berjocht dat in Iraansk frommeske ta tweintich jier sel feroardiele is, nei't se yn febrewaris har holdoek ôfdien hie. Dat ôfdwaan fan de hijab is part fan in kampanje dy't My Stealthy Freedom hjit. Shaparak Shajarizadeh hie foto's fan dat momint op har eigen website pleatst. Op dy foto's is te sjen hoe't se de holdoek as in flagge op in stôk foar har útstekt. In frou fan 42 dy't har lang om let frij fielt. Lykwols wiene dy foto's by de ferkearde minsken ûnder eagen kaam. De plysje hie har en noch 28 oaren oppakt, martele, slein en finzen set. En no is Shajarizadeh ta tweintich jier sel feroardiele.
Okkerdeis lies ik in ynterview mei Masih Alinejad, de frou dy't de ynternetkampanje My Stealthy Freedom opset hat. Op dy site stean allegear selfies fan froulju dy't de holdoek ôfdogge. Yn in harksitting fan it Europeesk Parlemint helle Alinejad hurd út nei de swijsume en selektive feministen. Se sei folslein terjochte dat guon dêrfan harren wol útsprekke tsjin it boerkiny-ferbod yn Frankryk, mar net tsjin de ferplichte holdoek yn Iran. Dat Sweedske ministers en de Nederlânske minister Sigrid Kaag de holdoek omdogge as se yn Iran komme. Alinejad sei dat soks har sear die. "Dyselde minsken ha wol krityk op de regearing Trump, omdat der tefolle manlike ministers yn syn tiim sitte. Dat is hypokryt."
Alinejad fertelt dat in Iraansk geastlike tjin har sei dat sels froulike politisy út it Westen harren kultuer en wetten respektearren. Hoe doarde sy dêr dan tsjin te protestearjen? Dûm wie Alinejad ek dat minister Kaag de ferplichte holdoek in bysaak neamde, dat der oars gjin petear mei Iran mooglik wie. Neffens Alinejad skeine sokke útspraken de froulju yn Iran. Wylst Kaag glimkjend mei in holdoek omrûn, waard Shajarizadeh mei 28 oaren slein, tramtearre en yn de sel smiten. Om dêr, sa't it no stiet, noait wer út te kommen. Hoesa, bysaak?
Se hat gelyk. De swijsumens en selektive lulkens fan Westerske feministen binne beskamsum. "Soks is no ienris de wet", sei minister Kaag. Lit har dat yn it gesicht fan Shajarizadeh sizze. Hawar, ik hâld deroer op. Ik plûmp hast yn de tsjettel fol toverdrank. En winskje dat soks Iran en tal oare lannen ek barre soe: falle yn de toverdrank fan frijheid."