Grutte brân wenbuorkerij Aldegea-Smellingerlân

17 jul 2018 - 06:03

In wenbuorkerij oan It West yn Aldegea Smellingerlân is yn de nacht fan moandei op tiisdei folslein útbaand. De brân ûntstie om healwei ienen hinne. De bewenner is op 'e tiid út de pleats kommen. Hy is troch ambulânsepersoniel neisjoen, mar hoegde net nei it sikehûs ta. Der wiene gjin bisten yn de buorkerij. Ut foarsoarch hat de plysje de huzen fan de buorlju ek wiet hâlden, sadat de brân him net ferspriede koe.

De brânwacht kaam mei fiif korpsen nei Aldegea ta. It giet om de korpsen út It Hearrenfean, Drachten, Burgum, Ljouwert en Beetstersweach. Ut earste ûndersyk die bliken dat der gjin asbest by de brân frijkommen is. De brânwacht hat de rest fan de nacht neiblust. De wenbuorkerij kin as ferlern beskôge wurde.

Wurdfierder Baukje de Wal fan de brânwacht

Foto: CAMJO media
(advertinsje)