Mearderheid gemeenteried liket foar WTC-plannen Cambuurstadion

Yn de Ljouwerter gemeenteried liket in mearderheid foar de plannen te wêzen fan de bou fan in nij Cambuurstadion en de ûntwikkeling fan it omlizzende WTC-gebiet. Dat is op te meitsjen út de ekstra riedsgearkomste dy't moandeitejûn hâlden is.
It nije Cambuurstadion © Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
Wethâlder Henk Deinum oer de plannen
Ferskate partijen, wêrûnder de PvdA, it CDA en D66, meitsje harren noch wol soargen oer de gefolgen fan de konkurrinsje foar de winkels yn de binnenstêd. Dat moat goed regele wurde yn de detailhannelstruktuerfyzje, fine se.

Twivels

Ek binne der twivels oer wat der bart wannear't de provinsje net oer de brêge komt mei de bydrage fan 4,7 miljoen dy't it gemeentebestjoer frege hat. Wannear't dy bydrage der net komt, wol in mearderheid yn de ried foarkomme dat de stêd hjir foar opdraait.
Wethâlders Henk Deinum en Friso Douwstra wolle net op dit senario foarút rinne. "It mei dúdlik wêze dat we dan in probleem ha", sei Deinum.
Undernimmer Gert Jan Faber oer de plannen