Plysje wreidet cao-aksjes út troch minder bonnen út te skriuwen

De plysje wreidet de aksjes foar in bettere cao fierder út. Fan tiisdei ôf dogge ek de ferkearsteams mei en skriuwe minder bonnen út, sa hawwe de fakbûnen witte litten.
Plysje © ANP
Sûnt ferline wike moandei diene de basisteams fan de plysje dat al. Der wurde allinnich noch boetes jûn by slimme oertrêdingen. Lytsere saken dogge se ôf mei in warskôging. Dat dogge de plysjes fan de ferkearsteams no ek.

Santich miljoen euro

De fakbûnen tinke dat dit de skatkiste in soad ekstra jild skeelt. Troch in soartgelikense aksje rûn de oerheid yn 2015 seker santich miljoen euro mis, seit it plysjefakbûn ACP.
De plysjes striidt foar minder wurkdruk en mear wurdearring foar it wurk. De fakbûnen wolle net mear ûnderhannelje, omdat der neffens har te min skot yn de saak sit.