Ynspeksje makket spearpunt fan oanpak ûngelokken yn agraryske sektor

16 jul 2018 - 22:16

Yn de agraryske sektor krigen ferline jier 93 minsken in slim ûngelok en dat is neffens de Inspectie Sociale Zaken en Werkgelegenheid soarchlik heech.

In trekker - Foto: ANP

De ynspeksje hat dêrom it befoarderjen fan feilich wurkjen en it foarkommen fan ûngelokken ta spearpunt makke. Ut de kontrôles fan de ynspeksje komt faak nei foaren dat masinen net feilich binne. Ek hawwe wurknimmers gauris lêst fan fysike oerbelêsting.

Strontkolken

Yn Fryslân is dat net oars, sjocht Adri van Kooten. Hy is previnsje-adviseur by Stigas, de arbo-organisaasje foar de agraryske sektor. Hy komt geregeld saken tsjin dy't net op oarder binne, lykas strontkolken dy't net ôfskerme binne en masinen sûnder needknop.

Boppedat ûnderskatte boeren neffens him de risiko's dy't bollen op it bedriuw mei him meibringe. Neffens Van Kooten binne guon boeren 'bedriuwsblyn' en ynvestearje se in soad jild en tiid yn harren bedriuw, mar net yn har eigen feiligens.

Previnsje-adviseur Adri van Kooten

(advertinsje)
(advertinsje)