Húske, dûs en waarm wetter moatte toeristen langer yn Nij Beets hâlde

Toeristen yn Nij Beets bliuwe faak net langer as in dei yn it doarp en dat moat oars, fynt Pleatslik Belang. De oplossing? In sanitêr gebou.
It sanitêre gebou yn Nij Beets © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Troch de wike wol it noch net sa slagje om de boatsjeminsken yn Nij Beets te hâlden. De stegers yn it doarp binne faak leech, mar dat is neffens Pleatslik Belang mei it fonkelnije gebou oan it Polderhoofdkanaal in kwestje fan tiid.

Rolstoelfreonlik

Fan it gebou kinne toeristen fergees gebrûk meitsje fan waarm wetter yn de dûs en de toiletten. "Se binne sels rolstoelfreonlik makke," follet foarsitter fan it Pleatslik Belang Pieter Nauta oan. "Wy moatte minsken ek wat service biede. De sinnepanielen soargje der foar dat der elektrisiteit is yn it gebou."
It inisjatyf kaam út it doarp wei, mar der wie net fuort in soad stipe fan de provinsje om by te dragen. "Alles moast fan ûnderen op komme. Se woene graach dat wy fanút ús eigen ekspertize wurken. It wie puzeljen, mar wy hawwe it klearkrigen."

De namme

It gebou hjit It Bjinstap. De kar foar dizze namme wie gau makke. "In bjinstap wie eartiids in ferleginkje by it wetter. Op dat plak koene de boeren de molkbussen himmelje en de froulju de wask dwaan."
It projekt waard úteinlik stipe troch de provinsje, Wetterskip Fryslân, de Marrekrite en stichting Damshûs. Mei help fan de Teyens Fundatie en de Corneliastichting is it slagge om alle ambysjes wier te meitsjen, seit Nauta.