Ynstânsjes stelle fernijd aksjeplan op om stâlbrannen tsjin te gean

In nij aksjeplan fan de Dierenbescherming, it Verbond van Verzekeraars, Brandweer Nederland, LTO Nederland en Producentenorganisatie Varkenshouderij (POV) en it Ryk moat der foar soargje dat it tal brannen yn stâlen ôfnimt.
Stâlbrân © ANP
Yn it nije plan is mear omtinken foar besteande stâlen. De ôfrûne jierren wie der benammen omtinken foar boufoarskriften yn nije stâlen. Ferline jier wiene der 47 stâlbrannen en by 28 dêrfan kamen bisten om it libben.

Periodyk keure

Ien fan de nije maatregelen is it periodyk keuren fan stâlen foar hinnen, bargen en keallen. Der wurdt dan sjoen nei de elektra, omdat koartsluting faak de oarsaak is fan brân.
"Voor boeren, dieren en omwonenden zijn stalbranden ronduit verschrikkelijk. Daarom staat het voorkomen van stalbanden bovenaan de prioriteitenlijst", seit LTO Nederland-bestjoerder en foarsitter fan de stjoergroep Alfred Jansen.

Ferfolch

It nije aksjeplan is in ferfolch op in earder Actieplan Stalbranden 2012-2016. In dy perioade binne ûnder oare de wetlike easken foar nij- en ferbou fan stâlen oanskerpe en binne de registraasje en it ûndersyk fan stâlbrannen ferbettere.
Dat hat lykwols noch net laat ta minder brannen en minder deade bisten. Yn 2016 wiene der 49 stâlbrannen. It jier derfoar 33.