Gjin supporters wolkom by oefenwedstriid SC Cambuur yn Epe

16 jul 2018 - 20:29

By de oefenwedstriid tusken SC Cambuur en De Graafschap yn Epe binne freed gjin taskôgers wolkom. De lokale trijehoeke hat dit moandei besletten.

De Graafschap - SC Cambuur - Foto: Omrop Fryslân

Beide klups litte witte it spitich te finen dat de wedstriid no efter sletten doarren ôfwurke wurde moat. By de tsjinstanner út Doetinchem, dy't ôfrûne seizoen nei de earedifyzje promovearre, stiet Henk de Jong, âld-trainer fan Cambuur, foar de groep.

(advertinsje)