Man kriget wurkstraf foar stikem fotografearjen fuotbalfamkes

16 jul 2018 - 19:51

In 32-jierrige man út Gerkeskleaster hat in wurkstraf fan 240 oeren krigen omdat er jierrenlang stikem famkes fotografearre yn de klaaikeamers fan pleatslike fuotbalferiening GSVV.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der wiene ek minderjierrige famkes by. De rjochter joech de man ek in heal jier selstraf ûnder betingst. It Iepenbier Ministearje hie oardel jier sel tsjin de man easke, wêrfan in jier ûnder betingst. Trije slachtoffers tsjinnen in skeafergoeding yn. Oan twa fan har moat de man goed tûzen euro betelje.

Kamera yn pinne

De man makke tusken 2010 en 2016 foto's fan de famkes. Dat die er mei in kamera yn in pinne. Dat besocht er ek te dwaan yn de wenning fan in freon yn Surhústerfean, mar dêr hiene de twa minderjierrige famkes it yn de gaten. De man hie de pinne ferstoppe, mar de famkes wisten dy te finen.

Berneporno

Op de kompjûter fan de man binne goed fjouwertûzen ôfbyldingen fûn fan berneporno. Ek op de pinne stiene bylden. Hy moat tastean dat syn kompjûters kontrolearre wurde.

De man hat in ferstanlike beheining. Dêrom fynt de rjochter dat de klam lizze moat op psychyske behanneling, om werhelling foar te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)