Twa juffen út Rie geane nei 40 en 45 jier mei pensjoen

Generaasjes lang hawwe bern út Rie op de basisskoalle les hân fan juf Klaasje en juf Elly, mar dat is no dien. Klaasje Talsma en Elly bij de Leij nimme respektyflik nei 40 en 45 jier ôfskied.
Twa ûnderwizers nei 40 en 45 jier mei pensjoen
De twa ûnderwizeresssen oan De Oanset geane mei pensjoen. Dizze wike steane se foar it lêst foar de klasse op de iepenbiere basisskoalle yn Rie.
It wie foar de juffen in dreech beslút dermei op te hâlden. De skoalbern binne ûnder de yndruk dat de juffen sa lang les jûn ha.