Geert fileart #4: KNKB opsjitte graach

16 jul 2018 - 18:46

Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus pas op!

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Je wolle der hast net oan mei temperatueren fan sa'n 30 graden, mar ik nim jim efkes mei nei 24 desimber 2017. Moat kinne. As LKC Sonnenborgh op de Rengerspartij op in tropyske keatssteppe "Bonkefeart" fan Anneke Douma loeihurd ynstart, dan doar ik it wol efkes te hawwen oer desimber ferline jier.

Yn dy tiid wienen in oantal leafhawwende keatspromininten der wol sa'n bytsje út. It wienen net de minsten dy't har yn de winter yntinsyf dwaande holden mei it keatsen. Sy hienen oan it brainstoarmjen west. Ald-keatsers Gerrit Okkinga, Johan Okkinga, Johannes Brandsma en de kenners Syds Schat, Durk Bonnema en Dirk Wiersma. Ik taksearje minimaal hûndert jier oan keatsûnderfining. Moai 'bevlogen' groepke, dat konkreet te wurk gie.

En der kaam ek wol wat út, hear. Stânfêstich wienen de hearen mei it belangrykste punt: fuort mei dy ranking! Dy moloch dy't troch in trochsneed keatsleafhawwer totaal net begrepen wurdt. Dy't totaal net libbet by it publyk. Dy't fiersten te grut is foar sa'n lytse sport as it keatsen. Dy't in protte negative by-effekten hat, wêr't nimmen gelokkich fan wurdt. "Fuort dermei", seinen de mannen.

Alternatyf: beneam in sterke Technyske Kommisje en dy bepaalt wa't as haadklasser op it heechste nivo begjinne mei. En dêrnei komt der in moaie, oersichtlike searje wêrby't nei acht wedstriden de lêste twa partoeren degradearje nei de earste klasse en, omkeard, de bêste twa út de earste klasse promovearje nei de haadklasse. Is al in kear útfûn. Yn de jierren 90. Troch Sake Saakstra en Willem de Haan. Doe hjitte it "Yn it fjoer fan it spul". Wurke as in tierelier. "Direkt wer ynfiere", seinen de mannen.

Dan kin it publyk him wer identifisearje mei de sport en meilibje mei degradanten en promovendy. Der wienen noch wol wat saken dy't de mannen oanpakke woenen. In plan fan minimaal tsien punten. Prachtich allegear. En wat soe de KNKB bliid wêze moatte mei sokke minsken. Dy't yn de eigen frije tiid meitinke oer it keatsen, dat wol in setsje brûke kin.

No, de KNKB is ek hiel bliid, hear. Alteast: dat sizze se. Mar no de útfiering noch. En dêr heakket it wer ris. Ik sei al: Op 24 desimber kaam de groep leafhawwers mei in plan. Keurich optikke en stjoerd nei de KNKB. Aksje, soenen je sizze. De wintertiid is derfoar om nije plannen te smeien. Dan kin der yn de foarjiersgearkomste ôfhammere wurde.

Mar dan begjint it gedonder. It bliuwt krapoan 4 (!) moannen stil op de bûnsburelen. De mannen wurde al wat ûnrêstich. Is it stik wol oankaam? Ja, dat wol. Einlik, nei moannen wachtsjen komt der in gearkomste op it bûnsburo. En dêr waard, sa as sa faak, de hânrem wer brûkt. Ranking derút? Nee, dat kin net. Wer bylotsje en net mear by freegje as in keatser der net is? Nimme we mei. Amer mei ballen op de boppe, om de snelheid yn it spul te hâlden? Mei no ek al (mar gebeurt net!). Ynslaan sterk beheine? Tsja, nimme we ek mei.

En sa wie it, as ik de partijen leauwe mei, bêst in aardich petear dêr yn Frjentsjer. Mar echt konkreet woe it mar net wurde. "We komme der op werom", is in útspraak dy't troch ferskate keatsbûnsbestjoerders al jierren brûkt wurdt. Mar it tempo giet derút. En je frustrearje minsken dy't mei konkrete inisjativen komme. Hoe dom!

Yntusken hat der wer ien gearkomste west. Hat ek wer moannen duorre. En sa sitte we al midden yn it keatsseizoen en is der noch net ien konkrete aksje ûndernommen om yn de praktyk wat te dwaan mei de plannen fan dy keatskenners. Johannes Brandsma sit no yn in kommisje. Mei in TC-lid fan de jeugd, mei in foarsitter fan in feriening dy't amper lid is fan it keatsbûn en noch wat minsken, ek fan de KNKB.

Neat mis mei dy minsken hear, mar it giet al lang net mear oer de konkrete punten dy't de mannen oandroegen hawwe. It giet ek oer de breedtesport en allerhanne oare fasetten. Moai hear, moat allegear gebeure, mar om de plannen fan dy jonges no ûnder te bringen yn sa'n technysk platfoarm, dat is net goed foar de effektiviteit. En it kostet bergen tiid. Tiid wêryn't mar net konkrete aksje ûndernommen wurdt. Wachtsje, wachtsje, wachtsje. Prate, prate, prate. Meinimme, meinimme, meinimme.

Sjoch, sa sitte sokke praktykjonges net yn elkoar. Dy betinke wat. Dy geane der mei nei de KNKB en ferwachtsje dat der rap aksje ûndernommen wurdt. Omdat it kin. Mar nee hear. Yn stee dêrfan komt Johannes Brandsma no yn de sjerpige beslútfoarming fan de KNKB telâne. Moat er meiprate oer saken dêr't hy gjin doel oer hat en dêr't hy eins net iens oer prate wol.

Ik sis net dat dat technysk platfoarm net goede dingen dwaan kin, mar ik konstatearje wol dat yn dizze foarm de plannen fan de keatskenners en -leafhawwers ûndersnije yn in brij fan oare saken. En dat is net de bedoeling.

De haadklasse is it boechbyld fan it keatsen. As der foar dy haadklasse konkrete, goede en snel útfierbere plannen betocht wurde, dan fertsjinnet dat in slachfeardige hâlding fan de KNKB. Oars heakje der - foar de safolste kear - goede minsken ôf en bliuwt it mar hingjen. Johan Okkinga is al ôfheakke. Om't hy gjin tiid mear hie. Mar o wat is hy frustrearre oer it trage tiidpaad fan de KNKB.

Rinse Bleeker siet yn in oare kommisje. Koe der net mear oer. Oeren lulle en neat dwaan. Hy is der útstapt. Henk Vlietstra: idem dito. En ik freegje my ôf hoelang oft Johannes Brandsma it úthâldt yn dit platfoarm. Ik bin bang foar it slimste. En sa liket it derop dat moaie, konkrete plannen wer "in schoonheid" stjerre sille.

Dêrom sis ik no: KNKB, kappe mei dat formele gedoe en dy "nimme we mei"-mentaliteit. Aksje bliksem. Net lulle, mar poetse! En opsjitte graach. It is twa foar tolven.

Trefwurden: 
keatsen Geert fileart
(advertinsje)