Provinsje en Arriva skrasse treinstasjon op trajekt Ljouwert-Grins

Begjin septimber komt der definityf in ein oan treinstasjon Achter de Hoven yn Ljouwert. De provinsje en ferfierder Arriva slute it stasjon omdat der kwealik gebrûk fan makke wurdt.
Treinrails © ANP
It perron is boppedat te koart foar de hieltyd langere treinen op it trajekt tusken Ljouwert en Grins. De perronnen wurde takom jier july fuorthelle.
De reizgers dy't it stasjon Achter de Hoven brûke, wurkje by omlizzende bedriuwen. Sy krije persoanlik berjocht oer it ferdwinen fan it stasjon, sa meldt Arriva.