Ekstra maatregels om it Sjûkelân PC-klear te meitsjen

Noch mar goed twa wiken, dan moat op it Sjûkelân yn Frjentsjer de PC keatst wurde. It gers leit der lykwols net goed by. Dat komt troch de drûchte.
Sjûkelân hat lêst fan drûchte
"It is wol soarchlik", seit boumaster Theunis Bakker fan de PC. "De ôfrûne wike is der al ien en oar oan gebeurd. Der komt wetter op en we jouwe it fjild de kommende wike rêst."
Oft dat genôch is, is noch de fraach. "It bereinen is it belangrykste", seit Jan van der Tol fan de gemeente Waadhoeke. "We ha der ek ekstra dong opsmiten. Dat wurket allinnich, as it wiet makke wurdt. As it wat opdrûge is, meane we it wer.

Ofwaging

De gemeente jout yn oanrin nei de PC mear omtinken oan it Sjûkelân as oan de oare sportfjilden. "Mei sokke omstannichheden, moatte we dy ôfwaging meitsje."
De 165e edysje fan de PC is op woansdei 1 augustus.