Wetterskip sil seishûndert kilometer oan diken ynspektearje

Wetterskip Fryslân rjochtet fan woansdei ôf in 'aksjesintrum drûchte' yn en sil ûnder oare diken ynspektearje. Dit is in gefolch fan de oanhâldende drûchte, dy't rjochting de rekôrsimmer fan 1976 giet.
Wetterskip Fryslân rjochtet aksjesintrum drûchte yn
Yn 1976 wie der in delslachtekoart fan 361 milimeter. Sa fier is it no mei sa'n 255 milimeter noch net, mar mei in hjitteweach op kommendewei komt dat kritike punt wol hieltiid tichterby.
It aksjesintrum drûchte sil om te begjinnen alle diken fan it wetterskip yn it feangreidegebiet nochris ynspektearje, mei in totale lingte fan seishûndert kilometer. By drûchte kinne dy diken skuorre en wurde se kwetsber. Foar de wat langere termyn hâldt dykgraaf Paul van Erkelens ek rekken mei oare maatregels lykas in bereiningsferbod.

Slûzen

De slûzen tusken Iselmar en it Fryske binnenwetter yn Starum en op De Lemmer sille dan minder faak betsjinne wurde, jout Van Erkelens oan. "We gaan dan niet meer schutten voor één zeiljachtje. Recreanten zullen dan moeten wachten tot het moment dat er meerdere mensen door de sluis moeten."
Sels hat er yn de funksje as dykgraaf noch nea sa'n waarme simmer meimakke. "We zullen er aan moeten wennen, denk ik. We krijgen ook telefoontjes van mensen over sloten die droog staan. In sommige polders is dat zo. Dat kun je in zo'n zomer niet voorkomen."

Verdringingsreeks

Wannear't it delslachtekoart noch fierder oprint kin de Landelijke Commissie Waterverdeling de saneamde 'verdringingsreeks' oplizze. Dat betsjut dat it oerflaktewetter allinnich noch mar foar de meast driuwende saken brûkt wurde mei.
Van Erkelens ferwachtet net dat dit fuortendaliks bart, mar hâldt der wol rekken mei. "Dan komt er een bereiningsferbod. Als ik kijk naar de Friese situatie is dat nu nog niet noodzakelijk, maar dat kan heel snel veranderen."
Dykgraaf Paul van Erkelens oer it delslachtekoart fan dizze simmer