Sportoersjoch: Erwin Zeinstra sjocht werom op syn WK yn Ruslân

16 jul 2018 - 17:31

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp kin weromsjen op in goed WK. De iennige Fries dy't yn aksje kaam yn Ruslân praat yn Fryslân Hjoed oer hoe't hy it WK belibbe hat.

Zeinstra, dy't assistint is yn it team fan skiedsrjochter Björn Kuipers, kaam fjouwer kear yn aksje op it WK: twa pûlwedstriden, in achtste finale en in kwartfinale. In knappe prestaasje dus, mar gjin finale. "Dêr hienen we yn it foar wol hope. Wat in neidiel wie: de twa ôfrûne WK-finales wienen al troch in Europeaan fluite."

De VAR

Der is, sa seit Zeinstra, hiel goed fluite op it WK. Dêrby holp de VAR, de 'video assistant referee'. Wat fynt Zeinstra fan de ynfiering dêrfan? "It foutepersintaazje is echt omleech gien. Mear as 99 persint fan de besluten wienen goed. Dat hat noch noait sa heech west."

Snein by de finale siet Zeinstra as reserve yn it stadion. "Spilers reitsje wolris blessearre, wy ek wolris." Hy hie dêrom dus ien fan de moaiste plakjes. "It is wol bysûnder. Tagelyk is it wrang, want it leafst hiest dêr sels rûn."

Diskutabel momint yn de finale

De penalty dy't Frankryk yn de finale krige, wie in diskutabel momint. "Ik kin my foarstelle wêrom't er jûn is, de penalty. Mar myn advys hie west: it wie fan ticht by, dus ûnopsetlik. Ik hie de penalty net jûn. Mar it is de dreechste regel dy't wy ha."

En no?

Dit wie it lêste ynternasjonale grutte toernoai foar Kuipers. Hy fluitet dus net mear op WK's en EK's. Mar Zeinstra bliuwt wol gewoan by Team Kuipers, sa seit er.

Der wie yn it sportoersjoch ek omtinken foar Epke Zonderland, dy't in teloarstellende rekoefening sjen liet yn de ynterlânwedstriid yn Thialf op It Hearrenfean. Hy wie kritysk op himsels.

Trefwurden: 
Erwin Zeinstra WK fuotbal
(advertinsje)