Nije wike 40 graden? Piet Paulusma sjocht it net gebeuren

It Algemeen Dagblad koppe moandei dat it takom wike wol 40 graden wurde kin. Waarman Piet Paulusma lit syn ljocht skine oer it berjocht, want de kâns op dy 40 graden is wol hiel lyts.
Yn 40 sekonden werom gjin 40 graden
"Want dan ha we it oer de 'pluim', de berekkeningen fan de kompjûters. En as elkenien de 'pluim' folget, kin elkenien waarman wurde", seit Piet. Yn de saneamde 'pluim' steane de meast ekstreme foarsizzingen.
"Mar", seit Piet, "it is wol sa dat it hiel lang waarm wurde kin, wol oant healwei of ein augustus. Tige drûch, tige waarm. We sille geregeld tropyske temperatueren ha, mar dy 40 graden sjoch ik earst noch net gebeuren."