Spoarleaze Roemenen krije straf foar sabotearjen pinautomaat

Twa manlju út Roemenië binne feroardiele ta trije moanne finzenisstraf omdat se in pinautomaat yn Drachten sabotearre ha. De feroardielden wiene net by de behanneling fan de saak.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De manlju hiene dûbeldsidige tape yn de ynfiergleuf oanbrocht en in lytse kamera brûkt om pinkoaden ôf te sjen.
In man dy't pinne woe, krige syn pas net werom. Hy hie yn de omjouwing in man omhingjen sjoen. Ek in buertbewenner hie de twa fertochten sjoen en belle de plysje. Doe't dy de fertochten oppakte, fûnen se yn harren auto tape en ark.

Spoarleas

De feroardielden wiene net oanwêzich by de útspraak. De advokaat fan de twa wit ek net wêr't se binne. Wannear't se wer yn Nederlân komme, moatte se de finzenis yn.