Steatefraksje VVD wol witte wannear't in wolf ôfsketten wurde mei

16 jul 2018 - 15:50

De steatefraksje fan de VVD wol fan de provinsje Fryslân witte wannear't der in ôfsjitfergunning jûn wurde kin foar de jacht op de wolf. De VVD hie earder al fragen steld oer de komst fan de wolf.

De wolf - Foto: ANP

Yn ien fan de antwurden stiet dat minsken better út de buert fan wolven bliuwe kinne. Dit befêstiget de soargen fan de VVD, seit de fraksje. "Als de provincie van mening is dat de mens de wolf uit de weg moet gaan, dan vraag ik mij af of de situatie nou echt ongevaarlijk is", seit Nynke Koopmans-Van der Veen.

In wyld bist as in wolf út de wei gean kin net yn in lyts en tichtbefolke gebiet as Nederlân, seit de VVD. De fraksje wol dêrom fan Deputearre Steaten witte yn watfoar situaasjes in fergunning jûn wurde kin om in wolf ôf te sjitten.

Deputearre Johannes Kramer oer de wolf

(advertinsje)