Personiel NDC hat noed oer pensjoen

16 jul 2018 - 15:31

In grutte groep wurknimmers en âld-wurknimmers fan de NDC Mediagroep makket him soargen oer it pensjoen.

It bedriuw hat in tal jierren lyn it pensjoenkontrakt bij Nationale Nederlanden opsein. It personiel en âld-personiel krige dat yn it foar net te hearren. It gefolch is dat it pensjoen dat se opboud ha by Nationale Nederlanden net mear yndeksearre wurdt. It kapitaal groeit net mear en dêrtroch wurdt de ynflaasje net mear kompensearre. Sadwaande falle de pensjoenen bot leger út, seit it personiel.

In groep wurknimmers hat him no ferienige yn in belange-organisaasje. Dy wol dat de oarspronklike pensjoenrjochten weromkomme.

(advertinsje)