Sluting driget foar doarpshûs De Nije Warf yn Wâlterswâld

16 jul 2018 - 15:08

It bestjoer fan doarpshûs De Nije Warf yn Wâlterswâld docht in twingend berop op de ynwenners fan it doarp foar nije bestjoersleden. Wurde dy net fûn, dan giet it doarpshûs yn septimber ticht.

Foto: Omrop Fryslân, Douwe Boersma

Fan de sân bestjoersleden binne der fjouwer dy't ophâlde om ferskate redenen. Meardere oproppen om nije minsken te finen hat oant no ta neat opsmiten.

Foarsitter Marten Faber fan doarpshûs De Nije Warf

As it doarpshûs yndie syn doarren slut, sil dat gefolgen ha foar tal fan ferieningen yn it doarp. Dy ha dan gjin ûnderkommen mear.

Foarsitter Marten Faber fan doarpshûs De Nije Warf sit al mear as tsien jier yn it bestjoer, wylst de statuten sizze dat in termyn mar trije jier is. Omdat it al jierren dreech is om nije minsken te finen, is Faber trochgien. No set hy der dochs echt in punt achter.

(advertinsje)
(advertinsje)