Mei opsetsin moalwjirmen yn de patat op Welcome to the Village

It iten op festival Welcome to the Village is miskien net sa as je it wend binne. Patat wurdt makke fan moalwjirms en frikandellen binne fan geitefleis. It ynnovative itensprogramma fan it festival hat as tema: snackbar van de toekomst.
DORP
De snacks binne te krijen yn it 'Dorp', in gebiet op it festivalterrein fan Welcome to the Village. It publyk fan it festival wurdt sjoen as proefpersoan. In wike foar't it festival binne de minsken al drok oan it opbouwen en oan it eksperimintearjen yn it 'Dorp'. Ek wurde de lêste ûntwikkelingen fan de produkten noch besprutsen.
Het wordt patat van meelwormen.
Leon Verstraeten
Leon van Straeten van '&Cricket' is derút hokker ynsekt troch syn patat komt: "Het wordt patat van meelwormen", fertelt hy. Ek kinne je by syn kream hamburgers en gehakbaltsjes fan ynsekten krije. Dêr sitte dan sprinkhoannen yn of imerkes (krekels).
Snackaton © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
In frikandel, in kroket of in tsiissûfflee. Al jierrenlang is dat it fêste menu yn de snackbar. Mei it tema 'Snackbar van de toekomst' wurdt neitocht hoe't wy omgean mei bisten en fleis. En hoe't it sûner kin en duorsumer.

In hiele geit

Restauranteigener en sjef-kok Willem Schaafsma wol wat dwaan tsjin it fuortsmiten fan goed iten. Schaafsma keapet bygelyks folsleine geiten by in boer út Makkum en brûkt alle parten fan de geit foar syn produkten. "Van de geiten wordt rendang gemaakt, maar ook frikandellen", fertelt Schaafsma. "In de frikandellen gaan meerdere delen van de geit zoals stukjes nier, vet, maar ook de lever", fertelt hy. Sa wurdt it bist fan tichteby helle én wurdt de folsleine geit yn it iten ferwurke.
Yn de fideo sjogge je hoe't de frikandellen makke wurde.
Snackathon: ûntwikkeling nije frituursnacks
De alternative snackjes binne ûnderdiel fan Dorp, in ynnovatyf terrein dat in wike foar it festival begjint. Yn tsien dagen betinke, ûntwikkelje en teste minsken út binnen- en bûtenlân oplossingen dy't helpe kinne om in duorsume takomst te bouwen. It iten is dêr in ûnderdiel fan.
Insekten en snacks © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek