Ferplichte behanneling foar man dy't spultsje sjen lit oan famke

16 jul 2018 - 13:57
It plysjeburo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 51-jierrige Ljouwerter is moandei troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren ûnder betingst om't de man yn april syn spultsje sjen liet oan in 16-jierrich famke. Njonken de wurkstraf moat de man him ferplicht behannelje litte en komt hy ûnder tafersjoch fan de reklassearring.

De man stie op 10 april mei syn spultsje yn de hân by in bushalte oan de Aldlânsdyk. Neist it famke fan 16 jier, seach ek in plysjeman yn boarger dat. Nei in koarte efterfolging koe dy de man oanhâlde. De man ferklearre dat hy himsels al 10 jier lang yn it iepenbier befredige. De man sels fûn de oanjefte oerdreaun.

(advertinsje)