Burgumers ha skjin har nocht fan brêge-problemen

16 jul 2018 - 12:38

Doarpsbelang Burgum wol yn aksje komme tsjin alle problemen mei de brêge yn it doarp. De Burgumers ha nammentlik skjin har noch fan de iene nei de oare steuring mei dy brêge oer it Prinses Margrietkanaal. Dit wykein wie it wer raak: de slachbomen koenen net omheech en alle ferkear moast omride.

Foto: De Vries Media

Wurdfierder Ronald Zijlstra fan Doarpsbelang Burgum wie snein sels ien fan de slachtoffers. Nei trije kertier wachtsjen moasten hy en alle oare autoriders op de brêge keare, omdat se net fierder koene. "It wurdt ferfelend en it liedt ek ta gefaarlike situaasjes", seit Zijlstra. "It kearen fan de auto's giet noch goed, mar foar gruttere weinen is dat net mooglik. En fytsers geane ûnder de slachbomen troch, dy steane dan midden op de brêge."

Foto: De Vries Media

Je tinke hieltyd: soe it wol wer goed gean aanst?

Ronald Zijlstra fan Doarpsbelang Burgum

"Wy kinne it net echt begripe. Der binne hieltyd steuringen yn it wykein, nei't de brêge iepen west hat. Je tinke hieltyd: soe it wol wer goed gean aanst?" Mei de simmerfakânsje foar de doar wol it doarpsbelang aksjes sjen: "Kin der net gewoan in âlderwetske brêgewachter oansteld wurde? Hielendal yn it wykein. Dan kinne steuringen rapper oplost wurde en dan kin dy ek sjen wat it probleem krekt is."

Testprogramma

Willem de Boer, projektlieder fan de Sintrale As, seit dat se der alles oan dogge om de problemen op te lossen: "It is in komplekse masine. En de steuringen wurde eltse kear wol ferholpen, mar yn it wykein komt der hieltyd wer in steuring. Dat fine wy ek hiel ferfelend."

Ronald Zijlstra en Willem de Boer

Wannear't de problemen definityf ferholpen binne, kin De Boer net sizze. "De oannimmer is folop dwaande mei it testprogramma. As it oan ús leit, dan moat dat sa gau as mooglik klear wêze. Dêr wurdt in protte enerzjy yn stutsen, mar ik kin net sizze wannear't dat klear is."

(advertinsje)