It Hearrenfean gaststêd by jubilearjende Nationale Sportweek

16 jul 2018 - 10:26

It Hearrenfean is ien fan de fiif gaststêden fan de Nationale Sportweek 2018. Dy wike is fan 15 oant en mei 29 septimber. Hûnderten sportklups, sportbûnen, gemeenten en oare organisaasjes iepenje dan de doarren en fersoargje sporttoernoaien en -demonstraasjes.

Foto: Google Street View

It sportbûn NOC*NSF wol mei de sportwike minsken ynspirearje om mear te bewegen. Op It Hearrenfean sette se dit jier de jongerein sintraal, seit wethâlder Jelle Zoetendal.

Earder wie der altyd ien saneamde host-city, mar fanwege it jubileum - de sportwike wurdt foar de 15e kear hâlden - is keazen foar in evenemint dat 15 dagen duorret en fiif gaststêden oandocht. Foar It Hearrenfean is keazen om't de gemeente al jierren aktyf is op it mêd fan sport en al mei it NOC*NSF gearwurket as it giet om it Sintrum foar Topsport en Underwiis.

(advertinsje)