Haakte tekkens op Park Vijversburg grut sukses

Sa'n 15.000 minsken hawwe sneon en snein in besite brocht oan de útstalling fan de haakte tekkens yn Vijversburg by Tytsjerk. Yn totaal wiene it der 10.841.
© Omrop Fryslân
De tekkens wurde moandei opromme en werombrocht nei de opslach oan de Snekertrekwei yn Ljouwert. De kommende tiid sil in 'goeie doelen stichting' dwaande om de tekkens ûnder te bringen by tal fan organisaasjes. De organisaasje sjocht tefreden werom op it evenemint. ''We hiene yn it foar tocht oan tusken de 5.000 en 10.000 besikers, dus dit is fantastysk. Boppe-al wie it de bedoeling dat minsken inoar fia it projekt fine soene en dat is goed slagge'', seit projektlieder Peter Teitsma.