Nij pakket maatregels: noch mear ljochten út yn it Waadgebiet

16 jul 2018 - 08:56

It Waadgebiet is op dit stuit al ien fan de meast tsjustere gebieten fan Europa, mar it ministearje fan Ekonomyske Saken wol yn gearwurking mei 43 oare partijen noch mear keunstljocht út it natuergebiet helje.

Foto: Omrop Fryslan, Aise van Beets

Under oare de provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân dogge mei oan it inisjatyf. Ek de natuerferienings en in ferskaat oan bedriuwen hawwe tasein dat se meidwaan wolle om de maatregels út te fieren. It doel is om úteinlik te kommen ta in 'Dark Sky Werelderfgoed Waddengebied'.

Pakket maatregels

It pakket oan maatregels is in útwurking fan in yntinsje ferklearring út 2016. It jier dêrop is in Quickscan útfierd, om te sjen wat der al goed rint kwa ferljochting. Yngenieursburo Clafis konstatearre dat der benammen in protte winst te heljen wie op fjouwer punten:

  1. Nij belied
  2. It fuortheljen fan ferljochting
  3. It ferfangen fan ferljochting
  4. Ferminderjen fan ljochthinder troch ûndernimmers of ferieningen.
Foto: ANP

Utfiering

Konkreet sil de provinsje Fryslân markearingen op de fytspaden oanpasse sadat se ljochtjouwe. Hjirtroch hoecht der minder ferljochting njonken de paden delset te wurden. Projektlieder Titian Oterdoom fan it Programma naar een Rijke Waddenzee is tige wiis mei it pakket oan maatregels. "Dat we dit met zoveel partijen gezamenlijk oppakken is geweldig, maar ook noodzakelijk. Lichtuitstoot draagt immers kilometers ver. Dat kun je niet in je eentje. Dit is dan ook een belangrijke stap en van grote betekenis voor het versterken van de duisternis in en rond onze unieke Unesco Werelderfgoed Waddenzee."

Al dwaande

In part fan de maatregels wurdt al útfierd. Sa is de ferljochting op de Ofslútdyk al oanpast, oan de hân fan de keunst fan Daan Roosegaarde. En ek It Amelân hat har ferljochting ferbettere.

(advertinsje)