Stil protest yn kninemaskers tsjin wynmûnen by de kop Ofslútdyk

16 jul 2018 - 07:52

"Megamolens kop Afsluitdijk, ziekmakend." Mei dy tekst waard moandetemoarn betiid demonstrearre tsjin de komst fan megawynmûnen by de kop Ofslútdyk. Sa'n 30 demonstranten stiene mei in spandoek en fakkels op de kuierbrêge oer de N31 tusken Harns en Surch.

De demonstranten wolle mei harren aksje demonstrearje tsjin it beslút om meardere megawynmûnen by de kop Ofslútdyk del te setten. Se hawwe meardere spandoeken ophongen op fiadukten oer de N31, en binne yn in stille protestmars fan it tankstasjon njonken de dyk nei de kuierbrêge rûn.

Foto: CAMJO Media

De demonstranten hiene allegearre in kninemasker op dien, om't sy net as 'proefknyn' brûkt wurde wolle troch de provinsje en de ynstânsjes.

Foto: CAMJO Media
(advertinsje)