Kollum: "Net njonken de skuon"

16 jul 2018 - 07:25

"Wat soesto dwaan ast supermodel Doutzen Kroes samar ynienen op strjitte tsjin it liif rinst? It liket miskien in nuvere fraach, wêrfan ast no tinkst: 'Ja, hallo. Hoe grut is dy kâns no hielendal?' No, bêst wol grut. Want ek al wennet Doutzen yn Amsterdam en Amearika, se is noch geregeld yn har bertedoarp Eastermar te finen. En dêr kaam ik har in pear wike lyn tsjin.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Wy wiene mei ús dweilorkest útnûge om te blazen op de bradery fan Eastermar. It wie prachtich moai waar en der kaam aardich wat folk op ôf. Doe't wy krekt mei ús twadde muzykblokje útein set wiene, waard ik oanstompt troch de trompettiste njonken my. 'Hast wol sjoen wa't dêr stiet?', flústere se. Ik koekeloerde yn de rjochting dy't se opseach. 'Mei dat blauwe jurkje oan', flústere se opnij. Dus ik nochris better sjen. En doe seach ik har stean. Doutzen Kroes.

Tusken alle minsken dy't it smoardrok hiene mei it keapjen fan nije sportsokken, oaljekoeken en sûkerspinnen stie Doutzen mei har twa berntsjes. Kalm beseach se de kreamkes mei guod. Om har hinne gie it libben gewoan troch. Net ien dy't op- of omseach. Gjin minske dy't har frege om in selfie of in hântekening. Gjin manlju dy't prompt yn katzwijm foelen. Hielendal neat. Ik stie der suver mei ferbjustering nei te sjen. Hoe kin dit?

Set Doutzen midden yn Amsterdam en ik bin der wis fan dat elkenien op har ôffleant as fruchtemichjes op in brune banaan. Want wa kin no sizze dat er Doutzen yn it echt sjoen hat? Of better noch: mei har op de foto west hat? Sa'n kâns krigest mar ien kear yn dyn libben, dus moast derby wêze. Bist gek ast gewoan trochrinst. Ja dochs? Mar yn Eastermar is der dúdlik gjin minske dy't sa tinkt. Dêr is Doutzen de gewoanste saak fan de wrâld.

Wat is dat mei Eastermar dat minsken hjir altyd sa kalm bliuwe? Se winne begjin dit jier miljoenen mei de Postcodeloterij, mar gjin kop dy't no ynienen in dikke Ferrari op it hiem stean hat. Sterker noch: se wiene ferline wike snein hast blider mei de appeltaart fan de HEMA dy't se wûnen as mei al dat jild.

En ek al hawwe se it meast prachtige fotomodel fan de wrâld yn harren doarp te wenjen, se dogge der neat mei. Freegje ien út Eastermar wa't de bekendste ynwenner fan it doarp is en se roppe allegearre: 'Dam Jaarsma fansels!' Net ien dy't betinkt om in kuiertocht lâns it bertehûs, de basisskoalle en de kuorbalklup fan Doutzen te organisearjen, mar de Dam Jaarsma doarpskuier stiet al jierren op de aginda. Fierder binne se wiis op harren eigen skûtsje, de fernijde iisbaan en de smûke haven. Dêr kin gjin miljoen fan Gaston tsjinop.

Yn Eastermar rinne se gewoan net gau njonken de skuon. Doch mar gewoan dat is al gek genôch. Of sa't se sels op de webside fan it doarp sizze: 'In bysûnder doarp mei gewoane minsken'. Wat dat oanbelanget soene wy allegearre wol wat mear as Eastermar wêze kinne. Of as Doutzen wat dat oanbelanget. Dy frege har beide berntsjes nei ôfrin fan ús muzykoptreden: "En, wat fûnen jim der fan?" It antwurd wie dúdlik, want yn koar hearde ik beiden roppen: "Stóóóm!" No ja, it soarge der yn alle gefallen foar dat ek wý net njonken ús skuon rinnen giene. De earste stap om in Eastermarder te wurden."

(advertinsje)