Meardere snelheidsduvels oanhâlden yn Ljouwert

16 jul 2018 - 06:13

De plysje yn Ljouwert hat it ôfrûne wykein it rydbewiis fan trije automobilisten en in motorrider ynnommen. Se rieden fierstente hurd oer de Harnzerstrjitwei yn de stêd.

De automobilisten rieden 56 oant 62 kilometer yn 'e oere te hurd, de motorrider siet sels 100 kilometer boppe it maksimum.

De plysje kontrolearre op de lokaasje nei oanlieding fan klachten fan omwenners. Fanwege de cao-aksjes by de plysje krigen bestjoerders, dy't mar in bytsje te hurd rieden, in warskôging.

In 39-jierrige bestjoerder út Boalsert waard sneontejûn op de Snitsertrekwei oanhâlden om't hy ûnder ynfloed fan drugs syn auto bestjoerde.

Trefwurden: 
plysje snelheid
(advertinsje)