Wendy siket jild foar ymmúnterapy yn Dútslân

16 jul 2018 - 06:10

In crowdfundaksje foar in ymmúnterapy yn Dútslân. Wendy Wagenaar, oarspronklik fan Drachten, is dy begûn omdat se aaistôkkanker hat en yn Nederlân net de behanneling krije kin dy't se graach hawwe wol, de saneamde ymmúnterapy.

Wendy Wagenaar - Foto: Eigen foto

Wendy is 40 jier, hat trije lytse bern en wol alle mooglikheden sykje om de sykte ûnder kontrôle te krijen. Yn Nederlân wurdt de ymmúnterapy net tapast by har type kanker. Yn Dútslân wol, mar dat wurdt net fergoede. Se hat 125.000 euro nedich, mar kin dat net betelje. Se hat har grutskens oan kant set en is in donearaksje begûn. It rint dat it slydjaget. Wendy is folslein oerdondere troch de reaksjes en donaasjes. Yn in pear dagen tiid hat se hast it jild al by elkoar.

Wendy Wagenaar oer de donearaksje foar har ymmúnterapy

Yn Nederlân kin Wendy seis gemokueren krije, wêrmei't se har libben ferlingje kin. Sy wol lykwols net allinnich har libben ferlingje, se wol better wurde. Dan kin sy har bern opgroeien sjen en groeie de bern op mei in mem.

Ik moet de toekomst naar voren halen.

Wendy Wagenaar

Ymmúnterapy is de takomst, sa leaut Wendy. "Ik geloof dat we over 20 jaar met immuuntherapie mensen van kanker kunnen genezen. Ik moet voor mezelf deze toekomst naar voren halen." Yn it sikehûs yn Keulen kin se dy ymmúnterapy ûndergean, mar dêrfoar hat se dus wol in soad sinten nedich.

"Afgelopen dinsdag zijn we naar Keulen geweest. Toen dachten we: nu moeten we los. Als ik een ton of twee ton zou hebben, dan was ik al geweest. Dus mijn familie zei tegen me: zet je trots opzij en zorg dat je die financiële mogelijkheid krijgt."

Oerdondere

Dêrom hat se dy donearaksje opset en dat rint hiel goed. Dat hat har wol oerdondere: "Ik geloof wel in de kracht van de sociale media, maar het is wel heel snel opgepakt. Dat vind ik zó mooi. Soms denk ik wel dat iemand per ongeluk een 0 te veel achter het bedrag heeft gezet." Yn ien dei wienen se al de 90.000 euro foarby. "Ik krijg nu zoveel terug uit m'n verleden. Ik kijk veel naar de toekomst, maar nu blijkt dat m'n verleden me steunt: in Drachten, oude studiegenoten. Ik vind het bijna too much."

(advertinsje)
(advertinsje)