Alde skippen en nije enerzjyfoarmen op Turffeartdagen yn Appelskea

Om wer omtinken te jaan oan it feit dat Appelskea ûntstien is troch turfwinning en dat de bewenners yn earmoed yn plaggehutten wennen, organisearret de Stichting Turfvaartdagen Appelscha om it jier de Turffeartdagen. Sa'n 20 antike skippen ha dêr it ôfrûne wykein oan meidien. Minsken koene âlde skippen besjen, mar ek yn de kunde komme mei âlde ambachten of 'Oud-Hollandsche' spultsjes en oare ferdivedaasje.
Op in skûtsje © Ronnie Porte
Ferslachjouwer Ronnie Porte wie by de Turffeartdagen
It tema yn dit Kulturele Haadstêdjier is 'fan âld nei nij'. Sa wie der net allinnich omtinken foar âlde skippen, ek wie der romte foar nije enerzjyfoarmen en -techniken. Der wie in soad belangstelling foar de wedstriid solarboaten foar de jeugd. Dêr kamen sneon 2000 minsken op ôf.
Sneintejûn is de stoet antike skippen ôfset nei Ljouwert. Dêr komme se takom sneon oan. Underweis oernachtsje se yn ferskillende doarpen.
Dielnimmers Turffeartdagen © Ronnie Porte