Anouska Koster en Nicole Steigenga ride Giro Rosa út

15 jul 2018 - 21:10

Anouska Koster fan De Westereen en Nicole Steigenga fan Eksmoarre ha de einstreek helle fan de Giro Rosa. Dat is de wichtichste etappekoers foar froulju. Snein wie de lêste fan tsien etappen.

Nicole Steigenga op de Zoncolan - Foto: www.orange-pictures.nl

De Giro Rosa sette freed 6 july útein mei in ploegetiidrit yn Verbania. Nei tsien ritten, wêrûnder in pear troch it heechberchtme fan de Alpen - lykas dy nei de 'mytyske' Zoncolan - kamen de fytsters dizze snein oan yn Cividale del Friuli.

Anouska Koster nei de sechsde etappe nei Gerola Alta - Foto: www.orange-pictures.nl

Anouska Koster (24 jier) einige op it 65e plak fan it algemien klassemint. Nicole Steigenga, dy't noch mar 20 jier is en dit jier debutearre, waard 123e.

De Giro Rosa waard dit jier foar de fyfde kear wûn troch in hurdfytster út Nederlân. Nei Marianne Vos (trije kear) en Anna van der Breggen (twa kear) wie diskear Annemiek van Vleuten de bêste.

(advertinsje)