Problemen brêge Burgum hâlde oan: op 'e nij in steuring

15 jul 2018 - 20:21

De problemen mei de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Burgum hâlde oan. Sneintejûn om healwei achten wie der wer in steuring, wêrtroch't de slachbomen net omheech wolle. Dêrom moast it autoferkear omride. Ek in man yn in scootmobyl dy't stie te wachtsjen, koe net oer de brêge.

Foto: De Vries Media

It gebeurt faak dat der problemen binne. Sa wienen der in wike lyn ek al meardere steuringen.

Dêrom hat de oannimmer woansdei yn opdracht fan de provinsje en Rykswettersteat ferskate testmaatregels trochfierd. Dy moasten derta liede dat de brêge wer goed funksjonearje soe.

Foto: De Vries Media

Dat hat dus noch gjin fertuten dien. De oannimmer seit dat ferskate ûnderdielen fan de ynstallaasje foar de steuringen soargje kinne. It is in nije brêge en it betsjinningssysteem is noch net goed ynregele.

(advertinsje)