Bermbrannen soargje ek yn Fryslân foar drokte by brânwacht

15 jul 2018 - 20:09

Op in soad plakken yn Fryslân ha de ôfrûne dagen bermbrantsjes west. Troch it drûge waar fan de ôfrûne tiid fljocht it gers en de heide earder yn de brân.

Brânwacht yn aksje by in bermbrân yn De Blesse - Foto: Wiegmink Media

Snein wie it ûnder oare raak yn De Blesse, Mûnein, Snits en Nes (Dongeradiel). Earder wienen der al brantsjes op It Hearrenfean, yn Nijeholtwâlde en njonken de A7 by Terwispel.

Rykswettersteat ropt automobilisten op om gjin sigaretten it rút út te smiten, om sa bermbrannen foar te kommen.

Trefwurden: 
drûchte bermbrannen
(advertinsje)