Theo Pijper fjirde by gersbaanracen yn Roden

15 jul 2018 - 19:35

Gersbaanracer Theo Pijper is snein yn Roden fjirde wurden by de tredde finalewedstriid om de wrâldtitel.

Foto: Bert Swarts

De koereur út Rinsumageast wûn twa heats. Yn de finale einige er as fjirde. It wie Pijpers bêste finalewedstriid fan it seizoen: hy pakte 18 punten yn Roden. Yn de earste twa finalewedstriden pakte er mei-inoar 16 punten. Mei de 34 punten dy't er no hat, stiet er sânde yn it klassemint. Dimitri Bergé út Frankryk stiet mei 63 punten boppe-oan.

De wedstriid yn Roden wie de tredde fan fiif WK-finalewedstriden. Yn augustus wurdt der noch riden yn it Grinslanner Eenrum en de lêste wedstriid is ein septimber yn Mühldorf yn Dútslân.

Trefwurden: 
gersbaan Theo Pijper
(advertinsje)