Soad ynbraken yn Ljouwert en omjouwing

15 jul 2018 - 18:54

Der is dit wykein in soad ynbrutsen yn Ljouwert en omjouwing. By in sportferiening waard in jildkistke stellen en fierder namen ynbrekkers telefoans, in telefyzje en in auto mei.

By in ynbraak oan de Emmakade yn Ljouwert binne in auto en in telefyzje stellen. Dat barde sneontemoarn betiid, doe't der ynbrutsen waard fia de sko-pui.

Oan de Beekkerkstraat yn deselde stêd waard sneontemiddei ek ynbrutsen. Dêr makke de ynbrekker twa telefoans bút.

By in sportferiening oan de Tylkedam wie in jildkistje de bút nei in ynbraak yn de nacht fan freed op sneon.

Ek by swimbad It Gryn yn Stiens is ynbrutsen. Dêr kamen se snein achter. In rút fan de kantine waard by dy ynbraak fernield.

Trefwurden: 
ynbraken
(advertinsje)