Partoer Sijbrandij wint keatsen yn Sint-Anne

It partoer fan Nienke Sijbrandij, Wiljo Sijbrandij en Marrit Zeinstra ha it haadklassekeatsen yn Sint-Anne wûn. Yn de spannende finale wienen se mei 5-5 en 6-2 te sterk foar Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. De lytse preemje wie foar it partoer fan Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma. Sy ferlearen fan de lettere winners.
It partoer van Sijbrandij earder dit jier © Henk Bootsma
Sijbrandij-en-dy wienen yn de earste omloop dúdlik te sterk foar it partoer fan Elly Hofman: 5-0 en 6-2. De twadde omloop wie spannender: tsjin it trio fan Monfils waard it 5-5 en 6-2.
It partoer fan Ilse Tuinenga pleatste har foar de finale troch te winnen fan de partoeren Van der Meer (5-2, 6-4) en De Groot (5-1, 6-2). Yn de spannende finale rêden se it lykwols krekt net op tsjin Sijbrandij-en-dy.