Plysje slút brânstichting by loads Drachten net út

De plysje slút brânstichting fan de loads yn Drachten sneintemoarn net út. By it ûndersyk nei de oarsaak fan de grutte brân yn Drachten, hat de plysje fingerôfdrukken fan in fyts helle. Dy fyts is ek meinommen foar ûndersyk.
© De Vries Media
By it ûndersyk sette de plysje ek speurhûnen yn.
De útslaande brân wie sneintemoarn yn in loads achter in wenning oan De Klim. Mei trije blusweinen hat de brânwacht it fjoer bestriden. Der wienen gjin minsken mear yn de wenning en de loads.