Ferwûnen by ûngelok Drachtsterwei yn Ljouwert

By in auto-ûngelok op de Drachtsterwei yn Ljouwert binne snein oan it begjin fan de middei twa minsken ferwûne rekke.
© AS Media
De oanriding wie op it plak dêr't de ôfrit fan de Wâldwei útkomt by de Drachtsterwei. Ien fan de auto's kaam út de rjochting fan Ljouwert en woe de Wâldwei op. De oar ried nei Ljouwert ta en seach in ferkearsljocht oer de holle. De twa ferwûnen binne nei it sikehûs ta brocht.
In berger hat beide auto's fuorthelle.