Lintsje foar brânwachtfrijwilliger Henri Vlasma fan Skier

15 jul 2018 - 14:49

Henri Vlasma fan de frijwillige brânwacht op Skiermûntseach hat in lintsje krigen út de hannen fan boargemaster Ineke van Gent.

Henri Vlasma - Foto: Gemeente Skiermûntseach

Vlasma wie fan 1993 oant 2018 lid fan de frijwillige brânwacht fan it eilân. Hy hat him dy 25 jier ynset foar de iepenbiere feiligens fan Skiermûntseach. Dêrom is er no beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

(advertinsje)