Ynbraak by winkel yn Drachten: 600 euro en kamera-apparatuer stellen

15 jul 2018 - 13:13

By in ynbraak yn in winkel oan de Tine Talmanstrjitte yn Drachten is sneintemoarn 600 euro bút makke. Buertbewenners hearden om healwei seizen hinne in hurde knal, folge troch it rinkeljen fan glês. It die bliken dat der in stoeptegel troch in rút smiten wie, om de winkeldoar te forsearjen.

Foto: De Vries Media

Njonken it jild binne der ek ûnderdielen fan it kamerasysteem fan de winkel meinaam. De forinsyske plysje hat ûndersyk dien. De eigener fan de winkel docht oanjefte by de plysje.

Der is alris earder ynbrutsen yn de winkel. Yn 2017 waarden der inkelde hûnderten euro's bút makke.

Trefwurden: 
Drachten ynbraak winkel
(advertinsje)