Omrop TIP: Portret fan it doarp Winaam

15 jul 2018 - 10:30

In lyts doarp ûnder de reek fan Harns. Doarp sûnder skoalle, mar mei fibula. Buro de Vries sit dizze snein yn Winaam. Dêr't it doarpsbelang jubilearret, mar te krijen hat mei ferskate bedrigingen.

Andreastsjerke yn Winaam - Foto: Omrop Fryslân

Winaam is in echt terpdoarp. Yn it doarp wenje sa'n 500 minsken dy't mei-inoar troch de tiid komme yn in aktyf doarpslibben. Der binne ferskate ferieningen. De sjonggroep Waadwyn, de biljert- en kaartklup en fansels de keatsferiening binne foarbylden. In protte aktiviteiten fine plak yn doarpshûs De Bijekoer. It doarpshûs is yn 1982 troch de ferskate ferieningen boud. De Andreastsjerke is it middelpunt fan it doarp. De tsjerke makket alle jierren diel út fan Tsjerkepaad, de iepenstelling fan mear as 250 Fryske tsjerken yn de simmer.

Fibula fan Winaam (kolleksje Fries Museum) - Foto: OF

Fibula

De measte minsken sille by Winaam tinke oan de fibula. Yn 1953 waard de 'voetplaat' fan de fibula fûn yn in terp krekt bûten Winaam. Jierren waard dêrnei socht nei de oare ûnderdielen fan de 7de- iuwske sierspjelde. Yn 1991 begûn de Ryskuniversiteit fan Grins mei in grutskalich ûndersyk yn de terp fan Winaam. Dat duorre oant 1993. Doe waarden ek oare parten fan de fibula fûn.

In spektakulêre fynst dêr't Winaam noch altyd mei op 'e kaart stiet, ek ynternasjonaal. Sa is der in archeologysk stipepunt, dêr't allerhanne fynsten útstald binne. De mantelspjelde leit yn it Fries Museum yn Ljouwert, mar Winaam lûkt der ek toeristen mei. Ea wenne der in machtige Fryske kening op de Winamer terp, sa is de oertsjûging fan in soad minsken.

Sicht op de REC yn Harns. - Foto: Omrop Fryslân

Bedrigingen

Winaam leit ûnder de reek fan Harns en dat betsjut ek ûnder de reek fan de REC. De ôffalreststoffesintrale hâldt de 'gemoederen' yn en om it doarp al jierren dwaande. Der is in groep fanatike tsjinstanners dy't harren fersetten bliuwt tsjin de REC. Ek sâlt- en gaswinning is in bedriging. Dêr hâldt ek in groep ynwenners har mei dwaande.

Doarpsbelang hat in wichtige funksje yn it doarp. Dit jier wurdt der yn septimber in belangryk jubileum fierd, want de feriening bestiet dan 100 jier. Winaam hat gjin basisskoalle mear. De E.P. de Boerskoalle is yn 2016 fusearre mei iepenbiere skoalle De Middelstein yn Mullum. Yn hoefier feroaret in doarp hjirtroch?

It radioprogramma Buro de Vries sit dizze simmer op it doarpsplein. Yn dit jier fan LF2018 giet it Buro op syk nei de ferskillende doarpsmienskippen fan Fryslân. Tsien wike lang, fan 8 july oant en mei 9 septimber, alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere op 92.2 FM.

(advertinsje)
(advertinsje)