UPDATE: Utslaande brân yn loads yn Drachten ûnder kontrôle

15 jul 2018 - 07:38

Yn in loads achter in wenning oan De Klim yn Drachten hat sneintemoarn in útslaande brân west. De brân ûntstie krekt nei sânen en waard al gau opskaald nei grutte brân. De brânwacht wie mei trije blusweinen oanwêzich om it fjoer te bestriden. Even nei achten waard it sein 'brân master' jûn.

Foto: Srfotografie

De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer yn de loads oersloech nei de wenning. De konstruksje fan it opslachgebou is lykwols net mear feilich troch de brân. Dêrtroch wurdt der fan bûtenôf neiblust. Neffens de brânwacht wiene der gjin minsken mear yn de wenning en de loads.

By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht advisearre omwenners dêrom om ruten en doarren te sluten en fentilaasje út te dwaan. It is noch net bekend hoe't de brân ûntstien is.

Trefwurden: 
Drachten brân loads
(advertinsje)
(advertinsje)